Oer twa wiken útspraak oer farwei by de Schilkampen

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Oer in wike as twa wurdt dúdlik oft de gemeente Ljouwert begjinne mei mei it graven fan in stikje farwei by de Schilkampen. De farwei moat in ferbining foarmje foar boatsjefarders dy't fan de kant fan De Tynje nei de binnenstêd fan Ljouwert wolle.
Tiisdei hat de Ried fan Steat him bûgd oer beswieren fan buertbewenners tsjin it plan. Sy fine ûnder oare dat de farwei it briedgebiet fan fûgels tefolle fersteurd. Neffens de gemeente hoecht dat gjin probleem te wêzen, omdat der nei de oanlis op in oar plak romte beskikber is foar de fûgels.
De gemeente hie in healjier lyn al klear wêze wollen mei de oanlis. Dy sil sa'n twa moanne yn beslach nimme.