A7 by Boalsert wurdt kommende wike opknapt

Wurk oan de dyk © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Rykswettersteat begjint kommende moandei mei it opknappen fan de A7 by Boalsert. Fan de dyk moat it asfalt ferfong wurde, ek wurdt der wurke oan de berm en de fangrail. Dat betsjut dat der fan sân oere moarns oant njoggen oere jûns mar ien rydstrook beskikber is en dat der minder hurd riden wurde mei. It giet dan om it stik A7 tusken Boalsert en de ôfrit Wytmarsum. It wurk begjint dus moandei en duorret oant freed 1 septimber