DE-topman wol hegere omset

Michiel Herkemij, de nije topman fan Douwe Egberts, wol it bedriuw wer op de kaart sette. Hy wol mear útjaan oan marketing en reklame. Ek komt der binnen in jier in publykssintrum oer DE yn Amsterdam. Ien en oar moat liede ta in hegere omset. Herkemij fynt dat der de lêste tsien jier te min oan ynnovaasje dien is by DE.
Earder dizze wike waard bekend makke dat DE, mei in fêstiging op De Jouwer, yn july nei de beurs gean sil ûnder de namme DE Master Blenders 1753. De yntroduksjekoers fan DE is noch net bekend makke.