Carla van der Hoek ferlit SP-fraksje Súdwest-Fryslân

15 aug 2017 - 11:32
Carla van der Hoek

Riedslid Carla van der Hoek fan Snits stapt fan de SP-fraksje nei de fraksje fan GemeenteBelangen Totaal Lokaal yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De oanlieding fan de stap leit yn de relasjonele sfear, skriuwt de SP. Dy neamt de oerstap spitich.

Van der Hoek nimt har sit mei nei de fraksje fan GBTL. De SP giet dêrmei fan 3 nei 2 sitten en GBTL fan 4 nei 5 sitten. Van der Hoek kaam yn 2011 by de SP, nei eigen sizzen om't dy partij it tichtst by har eigen tinkbylden stie.

Trefwurden: 
Carla van der Hoek
(Advertinsje)
(Advertinsje)