Sel foar it stellen fan drank, fisk en nepkrystbeam

14 aug 2017 - 22:47
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 41-jierrige man út Frjentsjer moat in healjier de sel yn foar it stellen fan ûnder oare in nep-krystbeam. As de man nochris trappearre wurdt, moat er fjouwer moannen ekstra sitte. De plysje krige de man yn maaie yn de gaten, nei in ynbraak yn in skuorke yn Emmen. De bewenner hie him trappearre, mei in kompaan. De man wie ûntslein út de GGZ-klinyk fan Frjentsjer. Neffens rapporten wie der net mei him te wurkjen.

Foar de rjochter ûntkende de Fries dat er wat mei de dieverij te krijen hie. Mar hy joech wol ta dat er trije kear wat stellen hie út in winkel. Ut in supermerk oan it Cambuurplein yn Ljouwert hie er beferzen fisk meinaam, en drank. In meiwurker fan de winkel woe him tsjinhâlde. Dy hat er bedrige.

By in oare supermerk, oan de Bilgaardpassaazje, hat er ek drank en fisk stellen. Dêr naam er ek led-lampen mei. En by de HEMA pakte er in drone en in keunstkrystbeam mei sûnder te beteljen. De man hie al earder mei justysje te krijen hân. Hy siet noch yn syn proeftiid doe't er de fout yn gie. Dêrom falt syn straf swierder út as oars it gefal west hie.

Trefwurden: 
justysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)