Oardel jier omfytse foar opknapbeurt

It fytspaad tusken Holwert en Hallum leit der de kommende oardel jier foar in grut part út. It wurdt feiliger makke troch it krekt wat te ferpleatsen. De bermen wurde ek oanpast. As in auto yn de berm rekket is de kâns lytser dat dy samar oer de kop slacht. It wurk nimt in soad tiid yn beslach om't ûnder it fytspaad in soad liedingen en kabels lizze. In part wurdt ferpleatst. De wetterlieding wurdt foar in grut part ferfongen.
Om de oerlêst safolle mooglik te beheinen wurde op guon plakken needfytspaden oanlein. Op oare plakken moat it fytsferkear rekken hâlde mei in omlieding. Sa moatte je de kommende wiken omfytse by de seedyk fan Holwert del om nei de feardaam by Holwert te kommen. It ferkear op de haadriidbaan kin trochriden bliuwe.