Swannen dea troch agressyf firus yn De Rottefalle

15 aug 2017 - 08:00

In agressyf firus hat de dea feroarsake fan trije jonge swarte swannen fan it hartekamp fan De Rottefalle. It firus soe útbrutsen wêze troch besmette hinnen dy't ien oer it stek smiten hat. Dat tinkt de feedokter. It komt faker foar dat der bisten oer it stek fan it hartekamp smiten wurde. Hinnen, hoannen, en soms sels knyntsjes. Benammen yn de fakânsjeperioade.

De behearders fan it kamp binne bot fan slach. Se neame de bisten asylsikers. Dy fersteure it lykwicht yn it hartekamp, sizze se. De feedokter hat de rest fan de swannen in antibioatikakuer foarskreaun. Dy liket oan te slaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)