Snitser hospice De Kime iepen

02 jun 2012 - 12:40

De Kime, oftewol hoarizon yn it Frysk. Dat is de nije namme fan it hospice yn Snits. Freed waard it nije gebou iepene. It Snitser stjerhûs wie de earste fan Fryslân.
Mar nei tolve jier by in fersoargingstehûs yn, waard it tiid foar in eigen en grutter gebou.

Lang om let foel it each op in âlde basisskoalle. En mei help fan tsientallen frijwilligers is it gebou hielendal omboud ta in hospice mei ûnder oare fjouwer keamers, in wenkeamer en kantoaren. De earste gast komt moandei. Sneon is der earst noch in iepen dei.

Trefwurden: 
Snits hospice De Kime
(Advertinsje)
(Advertinsje)