Frou betinkt ynbraak en krijt wurkstraf

14 aug 2017 - 20:40
Facebook iPhone applikaasje - Foto: ANP XTRA

In 31-jierrige frou út Drachten is feroardiele ta 120 oeren wurkstraf foar it oplichten fan fersekerder Univé. 60 oeren fan har straf binne ûnder betingst. Op 30 jannewaris wie de frou nei de plysje gien om't der neffens har ynbrutsen wie yn har hûs. Neffens har wiene der twa iPhones, laptops en sieraden meinaam. By Univé claimde se 2400 euro skea. De plysje kaam der úteinlik efter dat ien fan de telefoans net stellen wie, mar dat de frou dy yn 2015 al fia Marktplaats ferkocht hie. Hjirop bekende de frou dat se de ynbraak betocht hie, en Univé oplicht hie.

By de fersekerder kamen se dêrnei der efter dat de frou yn 2015 itselde dien hie. Doe hat de fersekerder 750 euro útkeard foar in telefoan dy't net stellen mar ferkocht wie. Neffens de fertochte hat se de oplichting dien om't se yn jildneed siet.

Trefwurden: 
justysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)