EK winner Loes Geurts hâldt foarearst op mei fuotbaljen

14 aug 2017 - 20:21
Loes Geurts - Foto: ANP

Keepster Loes Geurts fan Hichtum ferlit foarearst it fuotbaljen. Dat lit se witte op har instagram account. Neffens de 31-jierrige spylster fan Paris Saint Germain is it no earst tiid foar wat oars. Se skriuwt dat se in protte fantastyske mar ek drege mominten meimakke hat, en dat de batterij no earst leech is. Geurts wie de reserve keepster op it suksesfolle EK fan ôfrûne moanne. Ek stie se mei har team PSG yn de finale fan de Champions League. Ek yn dit team wie se twadde keepster. Geurts slút net út dat se weromkomt yn it fuotbaljen, mar foar no is it earst genôch. "You will hear from me".

Trefwurden: 
Loes Geurts fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)