Grou bliuwt klassemintslieder nei protestbehannelings

De sjuery fan de SKS hat it protest fan Grou takend. Dat betsjut dat it skûtsje fan Grou klassemintslieder bliuwt. Grou moast moandeitemiddei mei averij it wedstriidwetter by Wâldsein ferlitte nei in oanfarring mei Drachten. De oanhechting tusken de gyk en de mêst wie skansearre rekke. Omdat de Grousters it protest wûn hawwe, krije se foar de wedstriid by Wâldsein it gemiddelde oantal punten oer alle wedstriden.
Drachten hie noch protestearre, tsjin Huzum, mar dat protest is ôfwiisd. Drachten hie noch in protest, tsjin de Súdwesthoeke. Trochdat skipper Auke de Groot fan de Súdwesthoeke net nei de protestkeamer ta kaam wie, hat Drachten dat protest wol wûn.
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.