Twa froulju út wetter rêden

02 jun 2012 - 12:35
Foto: Omrop Fryslân

Plysjeminsken ha freedtenacht yn Easterwâlde twa froulju út it wetter rêden. In frou (19) út Easterwâlde fytste tegearre mei in frou (19) út De Fochtel nei in jûntsje stappen nei hûs.

Troch ûnbekende oarsaak ferlear de frou út Easterwâlde de macht oer it stjoer en fytste it wetter yn. De oare frou belle fuort de helptsjinsten en sprong dêrnei it wetter yn om har freondinne te helpen. Troch de steile wand slagge it de froulju net om sels út it wetter te kommen. De frou út Easterwâlde is mei ferwûnings oan de knibbel nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Easterwâlde wetter froulju
(Advertinsje)
(Advertinsje)