Utrechter Kallon foar twa seizoenen nei SC Cambuur

14 aug 2017 - 17:38
Issa Kallon - Foto: Dijks Fotografie

Cambuur hat syn foarhoede per direkt fersterke mei de 21-jierrige Issa Kallon. Kallon komt oer fan FC Utrecht en hat in kontrakt tekene foar twa seizoenen, mei in opsje foar noch in tredde seizoen. Hy begûn yn 2014 by FC Utrecht, mar spile it ôfrûne jier op hierbasis foar FC Emmen. Dêr kaam er by alle 38 kompetysjewedstriden yn aksje. Technysk direkteur Gerald van den Belt fan Cambuur neamt Kallon in spiler mei in soad driging en snelheid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)