Noch hieltyd paraffine op de strannen yn it Waadgebiet

14 aug 2017 - 17:15
Paraffine op it Noardseestrân - Foto: Twitter Richardt Kiewiet

Der spielt noch hieltyd paraffine oan op de strannen yn it Waadgebiet. It is net in soad, sa no en dan in brokje, mar Rykswettersteat ropt minsken dy't wat fine al op om dat te melden. It giet om restanten fan in eardere fersmoarging oan de kust fan Noard- en Súd-Hollân.

Nei alle gedachten komt it guod fan in skip dat paraffine ferfiert. Rykswettersteat tinkt dat der by it skjinmeitsjen fan it laadrom paraffineresten yn see bedarre binne. Der wurdt noch útsocht wa't dêr ferantwurdlik foar is. Dat soene ek meardere skippen wêze kinne.

Paraffine sjocht der út as kearsfet. It wurdt makke fan ierdoalje. Bisten kinne der siik fan wurde. It advys is om foaral hûnen der net fan ite te litten.

Wa't paraffine oantreft kin dat melde by de sintrale meldpost fan it Waadgebied, op telefoannûmer 0562 443100, of oer de marifoarn op VHF4.

Trefwurden: 
paraffine Waadgebiet
(advertinsje)
(advertinsje)