Snitser skûtsje pakt winst by Wâldsein

14 aug 2017 - 16:06

Snits hat moandei it skûtsjesilen by Wâldsein wûn. Nei de winst yn Terherne en yn Ealahuzen is it de tredde oerwinning foar De Sneker Pan mei skipper Douwe Visser. Wâldsein mei skipper Teake Klaas van der Meulen kaam op eigen wetter as twadde oer de finish. Op it tredde plak einige de Heale Moanne út Drachten mei skipper Klaas Westerdijk.

Oan de start yn Wâldsein ferskynden tolve skûtsjes, mar Grou moast de wedstriid ferlitte mei averij troch in oanfarring mei Drachten. Langwar hie him sneon weromlutsen út protest tsjin de nije seilformule en die net mei. Winnende skipper Douwe Visser is wol wat oandien troch alles wat der mei Langwar spilet. "Ik fyn it sear kwalik", sa sei er emosjonearre nei ôfrin fan de wedstriid.

Tiisdei is in rêstdei en is der gjin silerij. De earstkommende wedstriid is woansdei op De Lemmer.

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

(Advertinsje)
(Advertinsje)