Bou wol mear projekten oerheid

02 jun 2012 - 12:24

De oerheden moatte mear projekten gunne oan bou-ûndernimmers, omdat der oars fierstente folle bedriuwen fallyt gean sille. Der lizze genôch projekten op de planke dy't wachtsje om útfierd te wurden. Dat sei Cees Udinga fan Bouwend Nederland sneon op de iepen dei fan de bou yn Wytmarsum.

Rûnom yn it lân kinne minsken in besite bringe oan bouprojekten. Doel is om it imago fan de bou te ferbetterjen, sadat mear bern foar de bou kieze. Dat bart no te min. De kans is dêrom grut dat der oer tsien jier te min faklju wêze sille.

In oar probleem is dat troch de krisis ek noch in soad minsken út de bou ferdwine en dat dêrtroch in soad fakkennis ferlern giet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)