Mooglik opnij aksjes yn it basisûnderwiis

14 aug 2017 - 15:33

Der komme mooglik fuort nei de simmerfakânsje alwer aksjes yn it basisûnderwiis. Dat seit Nynke Stallinga, regio-koördinator fan de belangegroep 'PO in Actie'. Foar de fakânsje gie it noch om in sympatike prikaksje fan in oerke, mar yn septimber sil dat oars wêze. "It leit foar de hân dat we dan de stakingskant opgean". Stallinga fynt dat yn Den Haag in polityk spultsje spile wurdt, benammen tusken PvdA en VVD, dêr't it ûnderwiispersoniel de dupe fan is. Neffens minister Asscher moat yn de begrutting foar takom jier al sprake wêze fan ynkommensferbettering foar masters en juffen. VVD-lieder Zijlstra tinkt dat de kâns dêrop allinnich mar lytser wurdt as de PvdA dit sa hurd spilet.

Trefwurden: 
basisûnderwiis stakings
(Advertinsje)
(Advertinsje)