Man stekt styfheit yn de búk mei foarke: sel ûnder betingst

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man út Grins hat seis moanne selstraf ûnder betingst krigen, ûnder oare omdat er syn styfheit út Muntsjesyl mei in foarke yn de búk stutsen hat. De man wie by syn mem en styfheit te iten en se krigen spul. Dat rûn út de hân wêrop't de man syn foarke pakte en syn styfheit oanfoel. Dy rekke kwalik ferwûne. De fertochte fernielde ek noch in rút en in doar. Hy stie ek terjochte foar stellerij en it hawwen fan drugs. Omdat de man nei in klinyk giet om him foar syn ferslaving behannelje te litten en sein hat dat er syn libben betterje sil, hoecht er fan de rjochter net nei de finzenis.