Grouster skûtsje leit derút nei oanfarring mei Drachten

14 aug 2017 - 14:57

Klassemintslieder Grou hat nei in oanfarring mei it Drachtster skûtsje de wedstriid by Wâldsein ferlitten. Troch averij kinne de Grousters net fierder. "Jeroen kaam fan achteren. Hy hie gjin inkeld loefrjocht, mar fart ús sa yn de skoat en de gyk", sei skipper Douwe Visser fan Grou oer syn kollega Jeroen Pietersma fan Drachten.

It lummelbeslach fan Grou is hielendal krom, seit Visser. Dat is de oanhechting fan de gyk oan de mêst. Grou hat in protest yntsjinne tsjin Drachten. Drachten protestearret troch, tsjin Huzum.

Dit betsjut dat der no noch alve skûtsjes yn de wedstriid binne. Earder waard De Jouwer diskwalifisearre. Langwar wol net mear meidwaan, omdat se de regels net earlik fine. Grou hat it twa dagen oan tiid om de skea te werstellen, tiisdei wurdt der net syld.

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

Trefwurden: 
SKS skûtsjesilen Grou Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)