Personiel Kwadrantgroep fiert opnij aksje

14 aug 2017 - 14:33

Personiel fan de Kwadrantgroep fiert tiisdei wer aksje om oandacht te freegjen foar de problemen mei de wurkdruk. Se wolle dat der mear minsken oannaam wurde. Earder ha se de ried fan bestjoer fan Kwadrant al in tal easken foarlein en der komt oer oardel wike ek in petear. Mar omdat de ried fan bestjoer neffens it personiel earder al ris ôfspraken net neikaam is, komt der no opnij aksje.

Meiwurkers geane mei in bus by ferskate lokaasjes fan Kwadrant del. Se diele Fryske dúmkes út en helje mear stipeferklearringen op.

Trefwurden: 
aksje Kwadrantgroep wurkdruk
(advertinsje)