"Stjoer Brok nei topoerlis oer Friesenbrücke yn Dútslân"

De Friesenbrücke © EPA
Kommissaris fan de Kening Arno Brok moat oanskowe by it topoerlis oer it weropbouwen fan de Friesenbrücke oer de Ems yn Dútslân. Dat fynt de FNP, dy't der fragen oer steld hat oan Deputearre Steaten. By it oerlis op 28 augustus yn Bonn soe de Grinzer kommissaris Paas oanwêzich wêze, mar dy kin net fanwege de fiering fan Gronings Ontzet.
Slepende kwestje
Neffens FNP-wurdfierder Klaas Fokkinga is it belangryk foar Fryslân en Grinslân dat der in bestjoerlike delegaasje op it heechste nivo nei it oerlis mei de Dútske steatssekretaris fan Ferkear yn Bonn giet. "De weropbou fan de spoarbrêge by Weener nei de oanfarring ein 2015 ûntwikkelet him ta in slepende kwestje. Beide provinsjes hawwe der grut belang by dat de treinferbining mei it Dútske efterlân sa gau mooglik wersteld wurdt", sa stelt er.
Bommen Berend
Fokkinga tinkt dat de oanwêzigens fan Brok it proses fersnelle kin en helpe kin om ta in definitive oplossing te kommen. "As de feestlikheden om Bommen Berend hinne de Grinzer bestjoerders en amtners op 28 augustus behinderje, dan stelle wy út dat de Fryske kommissaris en amtners de honneurs waarnimme yn Bonn."