Spies moandei nei Heechterp

Minister Spies fan ynlânske saken bringt moandei in besite oan de wyk Heechterp-Skieringen yn Ljouwert. De minister sil troch bewenners ynformearre wurde oer de oprjochting fan in bewennersbedriuw en se sil in besite bringe oan de suksesfolle buerttún yn de wyk.
Beide projekten binne bedoeld om de wyk in ympuls te jaan. Minister Spies bringt in besite oan Heechterp-Skieringen yn it ramt fan de fuortgong fan de oandachtswiken yn Nederlân.