Frachtskip Noord Nederland dizze wike wer yn 'e feart

14 aug 2017 - 13:33
Foto: Joachim de Ruijter

It frachtskip Noord Nederland fan Rederij Doeksen kin yn de rin fan de wike wer yn gebrûk naam wurde. Sûnt ferline wike binne der problemen mei de motoaren fan it skip. Monteurs sille kommende woansdei de earste twa motoaren meitsje. Dy twa motoaren binne genôch om it skip fan tongersdei ôf wer farre te litten. Dit wykein wurdt dan noch in tredde motor oanpakt. In fjirde motor moat hielendal ferfongen wurde. It wachtsjen is lykwols op in nij eksimplaar út Dútslân.

Oant tongersdei wurdt fracht foar Flylân en Skylge ferfierd mei in oar skip. Omdat dat skip moandei noch foar passazjiersferfier nedich is, binne der dan noch oanpaste tiden foar dy passazjierstsjinsten. Fan tiisdei ôf farre de boaten wer neffens de tsjinstregeling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)