Wurk oan Halvemaanspoortbrêge yn Dokkum klear

De Halvemaanspoortbrêge yn Dokkum is tiisdeitemiddei wer klear foar gebrûk. Sûnt heal april waard der wurke oan de brêge. Der is in nij brêgedek oanbracht en de brêge is 30 sintimeter heger wurden. De trochfarhichte is no 2,5 meter en dêrtroch kinne boaten tagong krije nei de Súd Ie dy't yn 2019 befarber wurdt.
De wurksumheden binne ûnderdiel fan it programma Súd Ie en Wetterfront Dokkum. Mei it befarber meitsjen fan de Súd Ie kinne boatsjes yn de takomst fan Dokkum nei de Lauwersmar farre. It projekt is in gearwurking tusken de gemeente Dongeradiel, de provinsje en Wetterskip Fryslân en wurdt mei mooglik makke troch it Waadfûns.