Fytsemakker: "Drama driget foar Fytsfjouwerdaagse Appelskea"

14 aug 2017 - 12:24

Lykas 15 jier lyn is der nei alle gedachten wer in punêzestruier aktyf yn de omkriten fan Appelskea. Fytspaden yn de regio wurde teistere troch tomspikerkes op de rûte. Nije wike begjint de Fytsfjouwerdaagse fan Appelskea. Fytsemakker Jan Hendrik Kramer fan Appelskea is benaud dat it in drama wurdt foar in hiel soad dielnimmers.

De ôfrûne wiken krigen tsientallen fytsers lekke bannen troch in punêze. Yn guon gefallen sieten der wol 20 tomspikerkes yn de bannen fan ien fyts. Fytsemakker Kramer tinkt dat it om minsken giet, dy't rêst sykje yn de omjouwing en dêrby hinder ûnderfine fan fytsers.

Hoe't it no fierder moat, wit Kramer net krekt. "Ik hoopje dat wy ynkoarten immen op 'e died te betraapje kinne. Der hat yntusken kontakt west mei de wykplysje." Yn de tuskentiid hat Kramer it sels smoardrok mei it plakken fan alle bannen. Bliid is er dêr allerminst mei. "Wy meie graach fytsen meitsje, mar dit nimt de wille fuort."

(Advertinsje)
(Advertinsje)