Negatyf swimadvys foar swimplak De Kuilart

14 aug 2017 - 12:05
Foto: Omrop Fryslân

Swimmers wurdt ôfret om in dûk te nimmen yn it wetter by swimlokaasje De Kuilart yn Koudum. De kâns om sûnensklachten op te rinnen is grut fanwege it hege oantal baktearjes. Mei buorden is oanjûn dat der in negatyf swimadvys jildt.

Op de webside www.zwemwater.nl jout de Fryske Utfieringstsjint Miljeu en Omjouwing (FUMO) oan op hokker swimplakken better net swom wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)