Briedfûgels hawwe net folle lêst fan toeristen

De oerlêst fan toeristen op briedfûgels yn it Waadgebiet falt ta. Dat seit it Sovon Vogelonderzoek Nederland op basis fan in ekstra telling ôfrûne sneon. Sa'n hûndert frijwilligers diene in ekstra telling om te sjen hoe grut de oerlêst fan minsken en rôffûgels op briedfûgels is.
De measte toeristen sitte oan de westkant fan Skylge en dêr sjogge jo dan ek net in soad fûgels. Mar op oare plakken is romte genôch. De measte oerlêst komt lykwols fan leechfleanende tastellen, fan ûnder oare definsje, sa stelt de Sovon. Definsje is ek belutsen by it ûndersyk en sil de útkomsten meinimme.