Frânske boer fynt nei jierren ek twadde Fryske stazjêre

De syktocht fan de Frânske boer Guy Roulland nei twa Ljouwerter froulju is lang om let slagge. Nei't er yn july fia in oprop op Facebook al Sjoukje Brouwer weromfûn hie, is no ek Gonneke Kramer boppe wetter. Beide Friezinnen rûnen yn de jierren '80 staazje by de boer yn Normandië. Dêrnei ferwettere it kontakt.
Gjin Facebook
Gonneke Kramer hearde fia fia dat se socht waard troch de Frânsman. "Ik bin hielendal net aktyf op Facebook en by my kaam it berjocht foarige wike pas telâne. Untsettend leuk dat hy nei ús op syk wie." Gonneke rûn yn 1984 as 17-jierrich famke staazje by de boer. "Ik gong foar it earst nei it bûtenlân en gelyk allinnich. Ik ha der holpen mei it melken fan de kij en it wurk op it lân."
Ut iten
Sjoukje Brouwer wie der doe ek. Sy wie stazjêre yn 1982, mar hat twa jier letter noch werom west mei in freondinne en in wike mei in tinte by de buorkerij slept. Gonneke en Sjoukje ha no ek wer kontakt mei-inoar. "We sille ynkoarten tegearre út iten en alles beprate", sa seit Gonneke.
Nei Fryslân
Se hoege net mear lang te wachtsjen om harren Frânske boer yn 'e earms slute te kinnen, want yn septimber komt er nei Nederlân. Gonneke sjocht dêr bot nei út: "It liket my hiel leuk om him wer te moetsjen en him no, tegearre mei Sjoukje, Fryslân sjen te litten."