Ten Berge nije haadtrainer fuotbalfroulju SC Hearrenfean

Roeland ten Berge is de nije haadtrainer fan de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean. Dat meldt de Stichting Vrouwenvoetbal Heerenveen. Ten Berge is sûnt 2011 haadtrainer by ferskate fuotbalklups yn de top fan it amateurfuotbal. Sûnt 2000 wurket hy yn meardere funksjes foar it fuotbalbûn KNVB.
It bestjoer fan de stichting is bliid mei de komst fan Ten Berge. It frouljusfuotbal is ien fan de hurdst groeiende sporten yn Nederlân. De stichting wol de sport yn Noard-Nederlân mear en better op de kaart sette.