Kollum: "De triennen fan Foppe"

14 aug 2017 - 08:37

"Dit wykein wie ik yn De Achterhoek en ried ik troch Varsseveld, in doarpke mei sa’n 6000 ynwenners. Grutte kâns datst der noch noait fan heard hast. Toch stiet Varsseveld ynternasjonaal op 'e kaart as Hiddink Town. It is nammentlik it bertedoarp fan fuotbaltrainer Guus Hiddink.

Doe't dizze nuchtere Achterhoeker yn 2002 as bûnscoach fan Súd-Korea mei syn ploech de heale finale fan it WK helle, waard Guus troch Súd-Korea fuortendaliks útroppen ta nasjonale held. Sterker noch; hy waard beneamd ta eareboarger fan de haadstêd Seoul. Hy koe kwalik noch oer strjitte, om’t tûzenen Súd-Koreanen mei him op ‘e foto woene. Ha, tochten se yn de Achterhoek. Big Business.

Yn Varsseveld wiene se net dom. Der kaam yn no time in spesjaal Guuseum; in museum oer de legendaryske trainer. Bussen fol Koreanen kamen dizze kant út om mei eigen eagen te sjen wêr't harren idoal berne wie. Se koene boppedat in huifkartocht meitsje lâns syn bertehûs, de skoalle en it sportfjild fan SC Varsseveld.

It is yntusken in wike lyn dat ús Oranje Leeuwinnen Europeesk kampioen waarden. Ut it hiele lân kamen minsken nei Utrecht om by de huldiging fan de froulju te wêzen. It wie ien grut feest. En dêr yn dy polonêse oer it poadium rûn ien held: ús Foppe. Neffens my hat er de hiele huldiging lang de triennen yn 'e eagen hân. Sa hartstikkene grutsk wie er op syn froulju.

Ek ik krige in brok yn myn kiel doe't ik nei ús Foppe seach. Seker doe't it publyk 'Foppe bedankt, Foppe bedankt' begong te sjongen. De man dy't al safolle suksessen boekt hat en dochs sa kalm bliuwt. Dy’t him ferskûlet achter de oare trainingsstaf om’t er net sa graach yn it middelpunt stean wol. In rolmodel fan hoe’t wy Friezen te boek stean. Kalm, nuchter, doch mar gewoan dat is al gek genôch.

Dus dat diene wy ôfrûne wike dan ek. Nei de feestlike huldiging yn Utrecht gongen wy hjir werom nei de oarder fan de dei. Ik tink dat Foppe tiisdei útsliepe mocht, dat Geke moarns de krante al op de keukentafel lein hie en in stikje bôle smard mei ierdbeisjem. En doe wie it back to business. De hage moat heech nedich snoeid wurde en it gers meand. It soe my neat ferbaze as Foppe dy jûns gewoan wer oan in gehakbal , ierpels en tusearten út eigen grientetún siet.

Der kaam gjin huldiging yn syn wenplak Nes of in stanbyld yn syn bertedoarp Lippenhuzen. Neat fan dat alles. Nuver eins. Dit is ommers de man dy't it EK wûn mei sawol Jong Oranje as de Oranje Liuwinnen. Dy’t mei syn Foppe Fonds hûnderten bern oan it sporten krijt. En net te ferjitten: dy’t in eigen wurd betocht hat. Gjin minske yn Nederlân dy’t mear hartstikke seit; yn it wurdboek stiet allinnich noch hartstikkene. Foppe is miskien net sa’n grutte taalfirtuoas as Johan Cruijff mar toch, it bliuwt hartstikkene knap.

Noch mear as oait groeide Foppe de ôfrûne wiken út ta absolute knuffel-Fries. In pake dy’t elkenien yn Nederlân stikem graach ha wol. In man dy’t seit wat er tinkt en docht wat er seit. In wiere kampioenemakker. Mar boppe-al in man dy’t syn emoasjes doart te toanen. Dy’t net benaud is om op syn tiid in trientsje te litten. Mei oare wurden: wy ha mei ús Foppe goud yn hannen.

Mei Kulturele Haadstêd foar de doar en al dy miljoenen toeristen dy’t Fryslân takom jier oerspiele sille, is it heech tiid foar aksje. Krekt as yn De Achterhoek moatte we dit útbuite. Te begjinnen yn Foppe’s berteplak Lippenhuzen, dat we tenij Foppe Ville neame. Dêr stiet in prachtige grutte wettertoer. Katsjing.

Fan no ôf fertelle we al dy toeristen dat it wetter yn dizze toer de triennen fan Foppe binne, dy't er ryklik streame liet by it heljen fan al syn titels. Om wetteroerlêst foar te kommen, bouden se yn Foppe Ville in wettertoer. As bewiis taapje wy in hiel lyts bekerke wetter ôf. Wedzje dat al dy toeristen it net drûch hâlde by it priuwen fan Foppe syn sâlte triennen. As oantinken krije se in diploma mei nei hús mei dêrop de tekst: "Gefeliciteerd. U bent 100% gefopt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)