Noardwâlde moat 'geselliger'

02 jun 2012 - 11:48

It doarp Noardwâlde kin folle geselliger. Dat fine ferskate jongeren út it doarp. Se binne de kommende tiid drok dwaande mei projekten om de leefberens te ferbetterjen. Oardel jier lyn is der hast 1,4 miljoen euro útlutsen om de sosjale problematyk yn de Stellingwerven oan te pakken.

De gemeenten wolle ûnder oare drank- en drugsgebrûk werombringe. De jongeren wurde dêrom safolle mooglik belutsen by de aktiviteiten yn it doarp. Sneon wiene fiif jongeren dwaande om in gersfjild oan te lizzen by it flechtmuseum yn it sintrum fan it doarp.

Letter komme der mear aktiviteiten dy't ûnder oaren bedoeld binne om de ferkearssituaasje feiliger te meitsjen en mear grien yn it doarp te krijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)