MCL hat lêst fan in Pokémon

14 aug 2017 - 06:27

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat lêst fan in Pokémon. It firtuele meunster sit op it sikehûsterrein en moat dêr fong wurde troch minsken dy't it spultsje online spylje. Benammen op tiisdei is it drok by it sikehûs, omdat de Pokémon der dan sit. Der komme dan wol sa'n 50 minsken nei it MCL-terrein om de Pokémon fangen. It sikehûs is dêr net sa wiis mei.

"Wy ha it leaver net op it sikehûsterrein", fertelt wurdfierder Frits Mostert. "Wy ha pasjinten mei drege problemen en ek ambulânses dy't hjir del moatte. Dus wy fine it sikehûs net sa geskikt foar in Pokémon." Dêrom hat it MCL in mail stjoerd nei it bedriuw dat it spultsje ûntwikkelet mei it fersyk de Pokémon fuort te heljen. Oft it fersyk útfierd wurdt troch it Pokémon-bedriuw, moat noch blike.

Lange tiid wie Pokémon hiel populêr. Nei de update fan it spultsje om sabeare meunsters te fangen, is it nij libben ynblaasd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)