Stockcarrider Jacob de Vries wint Nederlânsk kampioenskip

13 aug 2017 - 21:48

Jacob de Vries út Hallum hat it Nederlânsk kampioenskip stockcar F1 wûn. Dat waard snein ferriden yn it Noard-Hollânske Sint Maarten. De Vries mocht foaroan starte yn de grutte finale, omdat er in in goede kwalifikaasjereeks riden hie.

De finale wie fol fan ynsidinten. Der waard hurd riden, mar De Vries hold de kop derbij en kaam as earste ûnder de finishflagge troch. Bert de Vries út Nijebiltsyl waard twadde.

Trefwurden: 
Jacob de Vries NK stockcar
(Advertinsje)
(Advertinsje)