Warner Hahn: "Ik heb mezelf geen blessure gejuicht"

De blessuere fan Hearrenfeankeeper Warner Hahn kaam net troch it juichen. Dat seit er sels. Meardere media melden dat it juichen nei de earste goal fan Morten Thorsby de oarsaak wêze soe fan syn skouderblessuere.
"Huh? Zeggen ze dat?" sei Hahn fuort nei ôfrin fan de wedstriid. "Dat is onzin. Ik raakte geblesseerd bij een bal die voorlangs kwam. Hoe ze daar dan bij komen? Geen idee." Hearrenfean spile snein yn in knotsgekke wedstriid mei 3-3 lyk tsjin FC Grins.
Neffens Hahn liket de blessuere ta te fallen. Undersyk yn it sikehûs moat noch wol útwize hoe slim oft it echt is. "De schouder is uit de kom geweest. Het deed wel echt pijn. Maar hoe erg het is, weet ik niet."
De Noar Morten Thorsby bekroande syn basisplak mei twa goals. "Ik kan me niet herinneren dat ik twee goals in één wedstrijd heb gemaakt."
Thorsby is net sa'n doelpuntemakker. Hjirfoar spile hy 65 wedstriden foar Hearrenfean en skoarde hy ien goal. No is hy nei ien kompetysjeronde sels topskoarder fan de earedifyzje.
"Ik had er zelfs vier moeten maken. Daar baal ik nog het meeste van." By de 2-1 foarsprong hie er de 3-1 op de pantoffel. "Die had er in gemoeten. Ik had de wedstrijd moeten beslissen."
Trainer Jurgen Streppel fan Hearrenfean fûn dat syn ploech op basis fan it spul de trije punten fertsjinne. "Zij spelen de tweede helft lange balen waardoor wij onder druk komen."
"De eerste helft hebben wij goed voetbal laten zien. We maken het dan zelf niet af. Ik ben daarom eigenlijk niet boos, maar ook niet happy."