Fryske 'natoerplysjes' binne foarbyld foar buorprovinsjes

14 aug 2017 - 07:03

Wa't yn it bûtengebiet fan Grinslân of Drinte ferkearde dingen docht, moat no rekkenje op in hegere 'pakkâns'. As it giet om de hanthavening fan de saneamde griene wetten, wurkje natoerorganisaasjes, plysje en oare partijen dy't aktyf binne yn it bûtengebiet no better gear.

De buorprovinsjes brûke de Fryske situaasje as foarbyld. Hjir binne al jierren saneamde tafersjochkringen aktyf dêr't bûtengewoan opspoaringsamtners fan in grut ferskaat oan organisaasjes mei mekoar of mei de plysje op stap gean.

Dêrtroch wurdt der effisjinter kontrolearre op bygelyks yllegaal fiskjen en streuperij, mar ek op ienfâldigere saken lykas hûnen dy't los rinne dêr't net net mei. Op in mienskiplike kontrôle foar de Iselmarkust binne sneintemoarn bygelyks fiif boetes útskreaun troch minsken fan it Fryske Gea en de provinsjale miljeukontrôletsjinst FUMO.

Trefwurden: 
kontrôle tafersjoch natoer
(Advertinsje)
(Advertinsje)