Sintrum Appelskea weriepene

02 jun 2012 - 11:30

It hat wat jierren duorre, mar freedtemiddei is lang om let it nije sintrum fan Appelskea iepene. Mei de rekonstruksje hat it doarp oan de noardkant in nij gesicht krigen. Der is benammen tocht oan it toerisme.

Sa kinne minsken dy't de Turfrûte farre harren skippen oan nije steigers oanlizze. De feart is fan brêge oant brêge oanpakt. De gemeente Eaststellingwerf is noch lang net klear mei Appelskea. It is it doel om de kommende jierren ek de Boerestreek oan te pakken.

Trefwurden: 
Turfrûte Appelskea feart
(Advertinsje)
(Advertinsje)