Jelle Attema krijt keningskrâns yn Menaam

13 aug 2017 - 18:55

It outsiderspartoer fan Jelle Attema, Jacob Klaas Haitsma en Evert Pieter Tolsma hat de Gouden Willempartij yn Menaam wûn. In ferrassende oerwinning, nei in spannende finale tsjin Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra. It waard 5-5 en 6-6. Jelle Attema waard ta kening útroppen.

De tredde priis gong nei it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra.

Trefwurden: 
keatsen Menaam Jelle Attema
(Advertinsje)
(Advertinsje)