SC Hearrenfean iepenet fuotbalseizoen mei spektakelstriid

13 aug 2017 - 18:39

SC Hearrenfean hat de noardlike derby net winne kind fan FC Grins. It wie in thriller, dy't alle kanten op koe. De wedstriid waard pas yn de alderlêste minuten beslikke. It waard 3-3.

De earste echte kâns dy't Hearrenfean krige fleach der fuort en daliks yn. Morten Thorsby - de man dy't hast noait skoart - skoarde yn de sechsde minút fan de wedstriid út in assist fan Denzel Dumfries.

Blessuere

Noch gjin trije minuten letter wie it ellinde oan de oare kant fan it fjild. Hearrenfeandoelman Warner Hahn moast de striid ferlitte fanwege in blessuere. Oan it skouder, sa like it. Hy waard ferfongen troch Wouter van der Steen. Foar Van der Steen wie dit syn debút yn it earste fan Hearrenfean. Hy spile earder by de beloften.

Flak foar de rêst kaam Hearrenfean op in royale 2-0 foarsprong troch in doelpunt fan Reza Ghoochannejhad, op 'e nij nei in assist fan Dumfries. En de 3-0 hong yn de loft. De statyske ferdigening fan FC Grins hie muoite mei de dynamyk fan de Hearrenfean-oanfal.

Raze om in penalty

Yn de twadde helte kaam Grins hielendal werom yn de wedstriid. Lars Veldwijk skoarde frij flot de 2-1. Dêrnei raasden eins alle Grinzers by skiedsrjochter Pol van Boekel om in penalty. Se hienen der rjocht op.

Mimoun Mahi gong tsjin de flakte yn it 16-metergebiet. Mar de strafskop kaam der net. "Der is gjin fideoskiedsrjochter," sei ferslachjouwer Roelof de Vries, "dy is net oeral. Dat is mar goed ek foar Hearrenfean, want dit wie in 100% penalty."

Twa kear raak fan 16 meter

Oan de ein fan de twadde helte kaam de penalty der dochs foar Grins. Mahi ferskalkte de debutant ûnder de latte by Hearrenfean. Van der Steen koe de ynset net keare: 2-2.

Fjouwer minuten foar de ein like Hearrenfean de striid te beslissen op 3-2. Morten Thorsby krige de bal mei in prachtich oerstapke mei fan Henk Veerman, dy't yn de 83e minút foar Reza yn it fjild kaam wie. Hy skoarde 2-3.

Mei noch twa minuten te gean sette Grins de stân wer op likense hichte. Opnij in penalty, opnij Mahi tsjin Van der Steen, en opnij koe de debutant it doel net skjin hâlde. Mahi sette de einstân op it boerd: 3-3.

Nije wike spilet Hearrenfean yn eigen hûs tsjin Heracles Almelo.

(Advertinsje)
(Advertinsje)