Lieuwe Westra wint Hengelo

02 jun 2012 - 11:07

Lieuwe Westra hat freedtejûn de Nacht fan Hengelo wûn. De hurdfytser (29) fan De Tynje kaam solo oer de einstreek fan dit profkritearium. De Italiaan Alessandro Petacchi wûn de sprint fan it peloton, foar Westra syn ploechmaat Pim Ligthart.

Westra krige dizze wike te hearren dat hy meidwaan mei oan de Olympyske Spelen dizze simmer. Hy komt út op de tiidrit en op de weiwedstriid. Snein begjint Westra oan de etappewedstriid Critérium du Dauphiné. Ek Pieter Weening docht mei oan dizze koers dy't acht dagen duorret.

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
(Advertinsje)
(Advertinsje)