Zeinstra en Diks yn aksje yn Champions League
De Fryske grinsrjochters Erwin Zeinstra fan Dronryp en Mario Diks fan Ljouwert komme tiisdei yn aksje yn de earste play-off ronde fan de Champions League. Se binne oproppen foar it duel fan Hoffenheim tsjin Liverpool. De wedstriid yn Hoffenheim stiet ûnder lieding fan skiedsrjochter Björn Kuipers.