Twa kear maleur by âlde Drachtsterbrêge

13 aug 2017 - 20:03

Dit wykein hat de Drachtsterbrêge by Ljouwert twa kear te krijen hân mei in steuring. Dêrtroch koe de brêge net iepen foar it skipfeartferkear. Dat hie te krijen mei elektryske maleur.

De earste steuring begûn sneontemiddei om 16:00 oere hinne. Sneintemoarn wie dy stremming wer ferholpen. Sneintemiddei woe de brêge alwer net iepen. Dy steuring is no ek ferholpen. De brêge kin wer betsjinne wurde.

It autoferkear hie gjin lêst fan de steuring. Der ride gjin auto's mear oer de brêge. Ferkear dat de stêd út moast, moast al omride fanwege wurk oan it nije akwadukt. Dat wie al wol iepen foar ferkear de stêd yn.

It akwadukt is yntusken foar al it autoferkear iepene. Fytsers en fuotgongers moatte oant 31 augustus wachtsje foardat se der ek trochhinne kinne. De Drachtsterbrêge wurdt sloopt. Dat begjint yn septimber.

Trefwurden: 
Drachtsterbrêge Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)