Musical Bonifatius yn premjêre

02 jun 2012 - 10:52

Under grutte belangstelling is yn Dokkum freedtejûn Bonifatius de musical yn premjêre gien. It stik mei akteurs as Theun Plantinga en Syb van der Ploeg giet oer it libben en de dea fan Bonifatius. Ek wurdt mei in knypeach stilstien by de hjoeddeiske problemen fan misbrûk yn de katolike tsjerke.

Bysûnder oan de musical is ek dat dy spile wurdt op it plak der't de hillige fermoarde waard, de Bonifatiuskapel. De kommende wiken sil it dêr opfierd wurde. Omt der in soad belangstelling wie, binne der op 7 en 10 juny ekstra foarstellings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)