Fryslannen stypje KH 2018

02 jun 2012 - 10:49

Njonken Fryslân stypje ek Noard- en Eastfryslân yn Dútslân de foardracht fan Ljouwert as kulturele haadstêd fan Europa yn 2018. De trije Fryslannen treffe inoar dit wykein op it trijejierliks kongres fan de Fryske Rie yn Harns.

Sneontemoarn waard hjir in ferklearring ûndertekene wêryn't Noard- en Eastfryslân de ambysjes fan Ljouwert om Kulturele haadstêd te wurden offisjeel stypje. Ljouwert ferwachtet dat de ynternasjonale stipe fan grut belang wêze sil yn de striid om oan it langste ein te lûken.

Der binne yn Nederlân fiif stêden yn de race foar de titel Kulturele Haadstêd 2018; njonken Ljouwert binne dat Den Haach, Eindhoven, Utrecht en Maastricht. De kommende hjerst moatte de fiif harren bidbook ynleverje. Dan bliuwe fan de fiif kandidaten de twa bêsten oer. Pas takommend jier wurdt dúdlik hokker stêd kulturele haadstêd fan Europa wurdt yn 2018.

Trefwurden: 
Harns KH2018 Fryske Rie
(Advertinsje)
(Advertinsje)