Epke nei finale yn Slovenië

02 jun 2012 - 10:39
Foto: Omrop Fryslân

Epke Zonderland hat him freedtejûn op in ynternasjonaal toernoai yn Slovenië pleatst foar de rek- en brêgefinales. Op it rek wie hy by de kwalifikaasjes de bêste en op brêge pleatste de Fryske turner him as sechde. Syn konkurrint foar in ticket nei de Olympyske Spelen Jeffrey Wammes blessearde him op de flier. It is noch mar de fraach oft hy hjoed yn aksje komt.

Ek turnster Céline van Gerner hat freed goeie saken dien yn har striid om in Olympysk ticket. Sy pleatste har foar de finales op brêge en balk.

Har konkurrinte Wyomi Masela rekke lykas Wammes blessearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)