Krityk FNP op weryndieling

02 jun 2012 - 09:57

De weryndielingsdiskusje yn Fryslân liket net mear om it draachflak yn de gemeenten te gean, mar om tiidsdruk en in bestjoerlik plaatsje 'fan boppe ôf'. Dat fynt de FNP-steatefraksje yn provinsjale steaten. De partij komt mei de krityk nei oanlieding fan -wat de partij sels seit- de stevige toansetting fan it nijste rapport oer de weryndieling oer noardwest Fryslân fan de provinsje.

In soad gemeenten en ynwenners binne kritysk oer dit rapport. FNP-fraksjefoarsitter Annigje Toering dielt dy krityk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)