Grou wint fan kop ôf op Iselmar by Starum

12 aug 2017 - 15:36

It skûtsje fan Grou hat de SKS wedstriid op de Iselmar by Starum wûn. De Grousters wiene as earste út de start wei, en binne eins de hiele dei net mear bedrige. Hurde wyn en woeste baren soargen foar in spektakulêre wedstriid op de Iselmar. It wetter by Starum stiet bekend om de hege golven.

It skûtsje fan Hearrenfean waard twadde. De striid om it tredde plak wie hiel spannend. De Lemmer en de Súdwesthoeke kamen flak nei mekoar binnen. 'Skot op skot' sei ferslachjouwer Gjalt de Jong. Auke de Groot fan de Súdwesthoeke kaam as bêste út de bus.

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

Trefwurden: 
SKS skûtsjesilen Grou
(advertinsje)
(advertinsje)