FESTIVALFOLK: Into The Grave

12 aug 2017 - 15:26

Yn Fryslân hawwe wy in soad festivals. No hawwe wy wol in idee fan watfoar festivals dat binne, mar watfoar folk komt dêr no eins op ôf? Wy nimme jimme mei nei it metalfestival Into the Grave, dus begjin mar fêst te headbangen...

Namme: Christina
Leeftiid: 16 jier
Wenplak: Hellevoetsluis
Skoalle: Ynkoarten de kappersoplieding

Hoe soesto Into the Grave omskriuwe?

It is in echte community fan minksen. As ik oer strjitte rin dan fiel ik my dochs wat abnormaal tusken de oare minsken. Mar as ik hjir bin dan binne wy mei syn allen raar, dus eins binne we dan gewoan normaal! Do kinst mei elkenien prate en dêrneist is de sfear ek nochris hiel gesellich.

Wat is dyn kleanstyl?

Ik bin net echt in gothic, want sa sjogge minsken dat noch wolris, myn styl is miskien wat mear alternatyf. Myn hier haw ik grien om’t ik dat gewoan in moaie kleur fyn. Al wikselje ik eins alle moannen fan kleurke en lit dat dan krekt dizze moanne grien wêze.

Foar welke bands komsto?

Dat binne twa bands; Alestorm & The Charm the Fury. Al binne wy krekt wat te let foar The Charm the Fury, dus dy hawwe wy spitigernôch mist. Alestorm harkje ik benammen in soad, de oare bands ken ik in bytsje.

Wat is dyn ultime tip foar de net Into the Grave-ganger?

Kom net casual klaaid, want dan silst dy net echt op dyn gemak fiele.

(advertinsje)
(advertinsje)