"SC Hearrenfean is noch net klear foar it nije seizoen"

12 aug 2017 - 15:20

It nije earedifyzjeseizoen set dit wykein útein. Ien Fryske klup hâldt de eare fan de provinsje heech yn de heechste fuotbalkompetysje. SC Hearrenfean spilet snein syn earste wedstriid, út by FC Grins. Mar hoe stiet Hearrenfean der foar en wat binne de kânsen foar de ploech? Wy fregen it oan Hearrenfean-watcher Roelof de Vries.

Hoe stiet it team der foar?

"As ik de trainer wie, hie ik leaver hân dat it seizoen twa wiken letter begjinne soe. It team stiet der noch net geweldich foar. It Noarske talint Dennis Johnsen wie opfallend goed yn de tarieding op it nije seizoen, mar hy gie dizze wike nei Ajax."

Binne der noch saken dy't oanpakt wurde moatte kwa personiele besetting?

"Ik ha it idee dat oare klups wat better en tûker ynkocht hawwe. It is de fraach oft der ferfanging socht wurdt foar fleugeloanfaller Dennis Johnsen. It is ek noch ûnwis oft Sam Larsson bliuwt. Der binne in oantal klups dy't ynteresse hawwe yn Larsson.

Datselde jildt foar Henk Veerman. Hy giet mooglik ek fuort út Hearrenfean. De ferwachtingen foar it nije seizoen binne dêrtroch wat ûnwis."

Hoe wie de tarieding op dit nije seizoen?

"De tarieding wie net dinderjend. Hearrenfean hat yn Italië en Eastenryk in oantal oefenwedstriden spile. De lêste wedstriid tsjin Genua waard mei 4-0 ferlern. It is lykwols lestich om konklúzjes te ferbinen op basis fan de oefenwedstriden fan dizze simmer."

Wêr lizze de pinepunten fan dit team?

"Foarich seizoen wie de ferdigening foaral it probleem foar Hearrenfean. Ik bedoel dan de ferdigjende kwaliteiten fan de hiele ploech. Achteryn waarden stekjes falle litten, in soad persoanlike fouten. Hearrenfean hat hjiryn bot ynvestearre, mei ûnder oaren sintrale ferdigener Daniel Hoegh, mar ek in nije linksback (Denzel Dumfries) en rjochtsback (Lucas Woudenberg).

Kik Pierie sil mooglik ek mear ynset wurde. De 17-jierrige Ljouwerter is in megatalint. Boppedat stiet der no in bettere keeper op goal, Warner Hahn. Ik ferwachtsje dêrom wat mear stabiliteit en dat hat Hearrenfean ek wol nedich."

Hokker spilers sille trochbrekke?

"Martin Ødegaard. Hy kaam foarich seizoen oer fan Real Madrid, dus dat er goed is, is gjin ferrassing. Mar ferline seizoen die er it net sa goed. Yn de tarieding nei dit seizoen ta fûn ik him lykwols echt hiel goed. Hy hat it yn him. En as trainer Streppel it derút helje kin by Ødegaard, dan kinne wy smulle dit seizoen!"

Wêr sil Hearrenfean oan de ein fan de kompetysje stean?

"Ik ferwachtsje net folle mear as foarich jier fan Hearrenfean kwa posysje op de ranglist fan de earedifyzje. As se sechsde wurde, ha se it fantastysk dien. Mar se kinne ek samar as alfde of tolfde einigje. As se de play-offs helje, hawwe se it goed dien."

Takom wike sjogge wy mei ferslachjouwers Geert van Tuinen en Andor Faber foarút op it Jupiler Leagueseizoen fan SC Cambuur.

(advertinsje)
(advertinsje)