Langwarder skûtsje lûkt him werom út SKS kampioenskip

12 aug 2017 - 14:41

It skûtsje fan Langwar hat him weromlutsen út it SKS kampioenskip fan 2017. Reden fan it beslút is de nije seilformule dy't foar Langwar neidielich útpakt. De skipper en bemanning ha de motivaasje net mear om troch te silen. "We zijn volslagen kansloos," seit foarsitter Johan Abma fan it skûtsje fan Langwar. "We zeilen achteruit."

Dit betsjut dat der no noch mar tolve skûtsjes yn kompetysje binne. Earder waard De Jouwer diskwalifisearre.

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

Trefwurden: 
SKS skûtsjesilen Langwar
(advertinsje)
(advertinsje)