Fiif klachten oer lûdsoerlêst Into the Grave

12 aug 2017 - 13:49

By de gemeente Ljouwert binne freedtejûn fiif klachten binnen kaam oer it festival Into The Grave. It twadaagse evenemint wurdt hâlden op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. De fiif klachten binne in stik minder as ferline jier, doe't der noch in soad klachten oer de lûde metalklanken kamen. "Dit jaar valt het met mee met de klachten over het geluid van Into the Grave. Meerdere bezoekers van het festival geven aan dat het geluid wel wat harder mag. Het heet niet voor niets hardrock!", seit organisator Paul van Berlo. 

Under oaren Arch Enemy, Overkill en Sodom jouwe sneon in optreden. Besikers fan Into the Grave kinne op de camping by it Rengerspark oernachtsje. Freed wie de earste dei fan it twadaagse festival. 

Trefwurden: 
Into the Grave Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)